• Brief fan it bestjoer oan B&W fan SWF oer de nije subsydzjeregeling

    Posted on augustus 27th, 2013 Jaap No comments

    Oan B&W fan de Súdwestfryslân,
    Oan de hear A. B. Heemsbergen
    Postbus 10.000
    8600 HA Snits

    Twellegea, 27 aug. 2013.

    Underwerp: “Conceptregeling Amateurkunst, muziek”.
    It bestjoer fan Koraalorkest Hymne, festigingsplak Snits, hat de boppeneamde nota besprutsen. Yn de ûndersteande punten fine jo it stânpunt fan it bestjoer oer dizze nota.
    1. Om posityf te begjinnen: it bestjoer hat der gjin probleem mei dat 10% fan it totale subsydzjebedrach ynsetten wurdt foar fernijende aktiviteiten. Lêstich is it om te beoardieljen wat krekt under innovative aktiviteiten ferstien wurde moat. It liket ús bestjoer dêrom net ferstannich om in swierwagend advys fan de Femuza hjir foar yn te setten. De leden fan Femuza belanghawwene omdat se ôfurdige binne troch de eigen ferienings. Unôfhinklike adviseurs liket ús bestjoer hjir mear op syn plak.
    2. De útstelde ferhâlding fan it restearjende bedrach fan trijekwart as basisbedrach en ien kwart foar de optredens is neffens ús ek in ridlike ferdieling. Dat korpsen dy’t in protte iepenbiere optredens ha wat mear krije as guon dy’t net folle konserten jouwe, kinne wy ek billikje. Der sil dan wol in goede en rjochtfeardige ferdielkaai fûn wurde moatte.
    3. Us bestjoer hat wol prinsipiële beswieren tsjin de útstelde grins fan 30 leden. It liket der op dat hjir as útgongspunt Matth. 13:12 keazen is (yn de Steatenfertaling): “Want wie heeft, dien zal gegeven worden, en hij zal overvloediglijk hebben; maar wie niet heeft, van dien zal genomen worden, ook dat hij heeft”. Lytse korpsen ha deselde basiskosten as grutte korpsen: de dirigent en de sealhier sille foar beide net folle út inoar rinne, mar de kontribúsje-ynkomsten fan de grutten binne oanmerklik heger. Wy freegje ús ôf oft hjir net te folle keazen is foar it prinsipe fan de frije merk en grutskaligens. De lytsen moatte ferskuorrend har bêst dwaan om de saak draaiend te hâlden. Ut dat eachweid soe der krektlikefolle foar te sizzen wêze om de lytsen mear te jaan as de grutten. It kultuerbelied fan de gemeente is der dochs net oprjochte om mar inkele grutte korpsen oer te hâlden? As de leefberens fan de doarpen sa wichtich fûn wurdt dan soene op syn minst grut en lyts gelyk behannele wurde moatte. Kultuerbelied is mear as it modieuze ferhaal oer “outputfinansiering”. It wol der by ús bestjoer net yn dat dizze maatregel de muzykbeoefening yn Súdwestfryslân befoarderje sil mei syn grut tal doarpen. As der gjin korps mear is op in doarp hat de jongerein ek net de kâns dêr mei yn de kunde te kommen en sels it spyljen te learen en muzikant te wurden. Dêrom is de konklúzje fan it bestjoer fan Hymne om dy 75% lyk te ferdielen oer de orkesten dy’t in minmaal oantal repetysjes hâlde en in minimaal tal konserten op it programma hawwe. Dit liket ús bestjoer gjin rjochtfeardige ferdieling en wy binne der dêrom poer op tsjin.
    Wy pleitsje hjir net foar ússels omdat ús orkest oan de goede kant fan de streep sit en allinne mar profitearje sil fan de útstelde ferdieling.
    4. De 30-leden regel is om noch oare reden arbitrêr. Der binne in protte brass-bands yn Fryslân. In brass-band hat in fêst tal leden fan om-en-de-by 26. Dus falle dizze korpsen allegearre yn it lege taryf. As der dan dochs sa’n grins lutsen wurde moat dan soe 20 mear foar de hân lizze. Dat biedt yn elts gefal wat lucht foar de brass-band, mar dat is net de earste kar fan ús bestjoer lykas wy by 3 taljochte ha. Wy pleitsje foar in likense (en earlike) ferdieling.
    Foar it bestjoer fan Koraalorkest Hymne,

    J. van der Bij (skriuwer)
    Lytse Súdein 55
    8624 TS Twellegea.
    0515-559597