• Krystkonsert “Fries Mannen Ensemble” mei Judith Sportel en HYMNE

    Posted on november 29th, 2012 Jaap No comments

    Op freed 14 desimber om 20.00 oere sil it Fries Mannen Ensemble yn de Martinitsjerke fan Boalsert syn krystkonsert hâlde. As gast treedt op de lanlik bekende sopraan Judith Sportel en koraalorkest HYMNE. De muzikale lieding is yn hannen fan dirigint/saxofoanist Jan Brens út Snits.

    It ensemble, dat takom jier syn 1e lustrum fiert, hat sa njonkenlytsen fia konserten, tsjerketsjinsten en oare optredens in protte wurdearring krigen. Der waarden twa CD’s makke; by de lêste hat ek Judith Sportel in grut oanpart hân. Alle opbringsten geane nei de famkesskoalle op Sri Lanka troch de stichting “Nobody’s Child”.  Leden en dirigint wurkje belangeleas mei oan alle repetysjes, optredens en andere aktiviteiten. Yn de takomst sil ek in part fan de jilden brûkt wurde foar stipe fan pleatslike “voedselbanken”.

    Het repertoire fan it solistenkoar bestiet dizze jûn út û.o. inkele wurken út de “Messiah” fan Händel, it “Gloria” fan Vivaldi en fansels tradisjonele krystlieten.

    In bysûnder wurk is “Still a Bach Christmas”. Earst sil in bewurking hjirfan troch HYMNE spile wurde, folge troch it Fries Mannen Ensemble, mei as trêde fariaasje de ferzje fan Judith Sportel. De measte bewurkingen binne fan de dirigint.

    Sopraan Judith Sportel út Hoogeveen is ôfstudearre oan it konservatorium fan Swol. Bûten tsjerkelieten (bekend fan “Nederland Zingt”-EO),  bestiet har repertoire út klassike wurken, musikals en filmmuzyk. Oan ferskate konserten fan it FME en HYMNE hat Sportel  earder meiwurke. Dizze jûn sil hja yn ûnderskate kombinaasjes har soli hearre litte.

    Koraalorkest HYMNE bestiet takom jier 10 jaar en hat troch har spesjale klank en programmakar in protte leafhawwers oan har bûn. By de lêste CD (al wer de 3e) hat ek Judith Sportel har meiwurking jûn. HYMNE hat 30 leden út in 20-tal ferskillende plakken yn Fryslân. Eltse wike repetearret Hymne op moandei yn it Bogerman yn Snits en jierlijks binne der mear as 15 optredens. In protte stikken binne troch Jan Brens komponearre of bewurke. Nij is dizze jûn û.o. it “Cantique de Noël” fan A. Adam. Der binne ek wurken fan de Fryske komponist, Jacob de Haan, te beharkjen.

    De begelieders op piano en/of oargel binne Jan Moens út Luttelgeest en Oeds Wijnsma út Ljouwert. De koarleden Anne van der Werf (op grutte oargel) en soan Mario sjonge en spylje tegearre “In de stilte van de nacht”.

    De tagong by dit bysûndere konsert is fergees! Der wurdt wol in kollekte hâlden..

  • Kerst-sing-in

    Posted on november 20th, 2012 Jaap No comments

    ———————————————————————————————————————————-

  • Der binne noch inkele Bûsboekjes 2013

    Posted on november 20th, 2012 Jaap No comments

    De redaksje fan it Bûsboekje, de iennigste Fryske aginda, dielt mei dat minsken dy’t noch graach in eksimplaar ha wolle der flot by wêze moatte. No’t Sinterklaas foar de doar stiet komt de boaium yn sicht. Wa’t syn holle noch brekt oer wat foar kadoke der dit jier betocht wurde moat kin noch terjochte op www.frysk-busboekje.nl/ of by 06 10586047.

    Dit jier dûkt it Bûsboekje 2013 yn de wrâld fan de blaasmuzyk: de wrâld fan de minsken mei de grutte wangen en de folle lippen, de wrâld fan it glimmende koper en it tetterjende lûd, mar ek fan de dragende toan en de harmony; de wrâld fan konkoersen, kampioenskippen en kuierjende korpsen troch de strjitten. Foar guon in tiidferdriuw, foar guon in libbensfulling. Foar oaren in ûnbekende wrâld.

    De redaksje is al wer drok dwaande mei it Bûsboekje 2014: regeare is foarút sjen. It tema foar dat jier is al fêststeld en de redakteuren wurde no oansocht.

    ———————————————————————————————————————————

  • OMF Konsertkonkoers op Omrop Fryslân

    Posted on november 1st, 2012 Jaap No comments

    Live te hearren op sneon 10 novimber op Omroplive.nl.

    It twadde Konsertkonkoers  fan dit jier, organisearre troch de ‘Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân’ is sneon fan 9:30 oere ôf rjochtstreeks te hearren op Omroplive.nl. Alle nûmers binne letter werom te hearren op Koperkanaal.nl en yn it radioprogramma ‘Muzyk Maskelyn’. De koralen fan de ferskate orkesten sille yn de útstjoerings fan Koperkanaal FM te hearren wêze.

    De ‘Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân’ wol de amateuristyske muzykbeoefening stimulearje. Dit spesjale konkoers wurdt twa kear yn it jier organisearre foar de ferienings dy’t by de organisaasje oansluten binne. De ferienings kinne op dizze wize dielnimme oan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen.

    De orkesten binne ferdield yn fiif ferskillende divyzjes. Dit konkoers binne der ek wer in soad orkesten fan Fryske boaiem: ûnder oaren de ‘Friese Jeugdbrassbrand’ en it ‘Fries Jeugd Harmonie Orkest’ jouwe harren muzikale bydrage. De winners fan it solistekonkoers ‘De Klank fan Fryslân 2012’ spylje yn it jûnsprogramma fan it konkoers.

    OMF Konsertkonkoers
    Sneon 10 novimber 2012 fan 9:30 oere ôf de hiele dei op Omroplive.nl.
    Alle nûmers binne letter werom te hearren op Koperkanaal.nl en yn it programma ‘Muzyk Maskelyn’, alle sneinen fan 18:00 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Radio. De koralen sille útstjoerd wurde yn Koperkanaal FM, alle sneinen fan 6:00 oant 8:00 oere.