• SIMMERKOAR” mei Thijs van Leer

    Posted on juli 30th, 2011 Jaap No comments

    Op snein 7 augustus om 20.00 oere is yn ‘e St.Martinustsjerke oan ‘e Singel yn Snits in grut konsert fan it SIMMERKOAR û.l.f. Jan Brens. As gast sil dêr wêze de fluitspiler Thijs van Leer, dy’t in freon is fan ‘e dirigint. Al sûnt 25 jier spilet hy by ferskate konserten yn en bûten Fryslân. Syn begelieder is de ek ferneamde oargelist/pianist Wybe Kooijmans fan ‘e Grutte Tsjerke yn Naarden.

    Yn ‘e santiger jierren begûn Thijs mei de band “Focus”.  De platen “Introspection” waarden wrâldferneamd. In pear jier ferlyn kaam de groep wer byelkoar en gong op toernee troch Europa. Yn 1989 wie hy mei Marco Bakker op konserten yn Fryslân mei dirigint/saksofonist Jan Brens. Wybe Kooijmans wurdt in soad frege as oargelist yn binnen-en bûtenlân. Ôfrûne moanne wie hy noch yn Boalsert en Easterein. Op piano begelate hy in grut oantal ferneamde artysten.

    Op it oargel spilet hy in stik allinnich en mei de dirigint op saksofoan û.o.”Lascia ch’io pianga”.

    It “SIMMERKOAR”is in projektkoar en bestiet út 55 leafhawwers dy’t yn ‘e fekânsjetiid trochsjonge wolle. Hja komme út Súdwest-Fryslân en de Stellingwerven fan sa’n 10 oare koaren. It koar jout in trijetal konserten yn en om Snits. De útsmiter is dit Snitswikekonsert. Men sjongt pop-en musicalsongs, gospels en shanty’s. Begelieder op piano is disse jûn Oeds Wijnsma út Ljouwert.

    It Frysk Blazers Ensemble bestiet út leden fan koraalorkest “Hymne”en oare korpsen út Snits en omkriten. It orkest, mei deselde dirigint as it “SIMMERKOAR”, begeliedt Thijs van Leer yn    “Bist du bei mir” fan Bach en “Menuet from Berenice” fan Händel. Sels spilet it orkest noch it moaie stik “Gabriëlla’s sang” út ‘e film “As it is in heaven”. In premjêre is de “Sneekweek-Ouverture”, basearre op it liet “I am sailing” yn in bewurking fan ‘e dirigint. It lêste nûmer is in liet yn it Stellingwerfs. Disse “Aovend-Hymne” is yn 2001 makke troch Johan Veenstra en is opnommen yn  de “Stellingwarf Cantate” , skreaun troch him en Jan Brens. Kaarten à 10 euro binne te krijen by de V.V.V. yn Snits  en muzykhannel Frans v.d. Hauw.