-
Koraalorkest Hymne hâldt der mei op
Posted on oktober 6th, 2026 No commentsDe lêste tiid rûn it tal leden fan Hymne stadichoan achterút. Hieltiid slagge it mei wat help fan bûten om noch op te treden. Yn de maitiid fan 2026 wie it tal leden ûnder de 15 sakke. Je hoege gjin grut boekhâlder te wêzen om yn sa’n gefal út te rekkenjen dat mei in gongber ledejild gjin dirigint en saalhier betelle wurde kinne. Der wie troch it bestjoer fan alles besocht om it korps nij libben yn te blazen en ek de subzydzje fan de gemeente om reklame te meitsjen smiet net genôch op.
Yn de ledegearkomste fan april is unanym besletten om der in punt achter te setten. It bestjoer hat de opdracht krigen om de saken om it opheffen fan de feriening op gong te bringen en fierder ôf te hanneljen. It orkest hat moaie en minder moaie tiden belibbe. Hichte punten wiene de trije CD’s ûnder lieding fan dirigint Jan Brens. Benammen op de tredde kinne de leden grutsk wêze. Yn it twadde desinium hie Hymne in dikke trichtich leden. Ek de konserten ûnder lieding fan Roelof Bakker en Menno Haantjes wiene altyd tige de muoite wurdich.
Mei in gesellige jûn ha de leden ôfskied nommen fan Hymne. De namme is weromjûn oan de oprjochter Jan Brens. Hy giet fierder mei dy namme as Projektorkest Hymne jierliks twa of mear konserten te jaan. Hjir sille âld-leden fan Hymne ek har meiwurking oan jaan.
Op 4 maaie koe der noch mei in groepke spile wurde op de deadebetinking yn Twellegea.
-
Krystkonsert Twellegea
Posted on november 21st, 2025 No comments
-
Konsert Hymne mei Gurbe Douwstra
Posted on maart 28th, 2025 No comments
Programma op snein 6 april

-
Musyk foar miljoenen
Posted on maart 9th, 2025 No comments
-
Lid wurde fan Hymne?
Posted on maart 9th, 2025 No comments
-
Konsert yn Talmastate Heech nov. 2024
Posted on december 16th, 2024 No comments
-
Kryst 2023 PCOB Martinitsjerke Snits
Posted on februari 23rd, 2024 No comments -
Krystkonsert 2022 û.l.f. Willem Flisijn
Posted on februari 11th, 2023 No commentsIn krystwinsk
Rock in the Mountains
-
Introïtus foar de Kryst by de PCOB yn Snits
Posted on februari 12th, 2020 No comments -
In priuwke fan it Hjerstkonsert mei Regenboogkoor
Posted on november 6th, 2019 No commentsDe opname is makke troch Jan Daems.