• Dirigint

    Jan Brens wie sûnt de oprjochting yn 2003 de earste dirigint en mei-oprjochter fan Koraalorkest Hymne. Hy hat it orkest lieden fan 2003 oant jannewaris 2014.

    Roelof Bakker fan Tjerkwerd hat yn jannewaris 2014 it stokje oernommen fan Brens. Op 1 febr. 2018 krige Bakker de fraach út Wûns om dêr dirigint te wurden. Omdat Hynme en Wûns beide op moandei repetearje ha wy ôfskied nommen fan Roelof Bakker.

    Op 1 febrwaris 2018 nimt Menno Haantsjes fan Nijbeets foarlopich de direksje waar. Omdat de leden graach trochgean wolle mei Menno Haantjes is hy nei de fakânsje de fêste dirigint fan Hymne wurden. Haantjes is berne yn Balk en wie dêr lid fan it korps. Nei de middelbere skoalle hat hy oan it Konservatorium yn Ljouwert studearre foar direksje foar Harmonie en Fanfare. Haantjes hat noch inkele korpsen, jout les oan muzykskoallen en hat in eigen útjouwerij fan muzyk dy’t hy sels komponearret en arranzjearret.