-
Krystkonsert “Hymne” mei it “Krystkoar 2011”
Posted on december 1st, 2011 No commentsKoraalorkest HYMNE hâldt syn tradisjonele krystkonsert op snein 18 des. om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits. Ek dit jier is der wer in grut krystkoar foarme dat bestiet út leden fan it “Súdwestkoor”, oanfolle mei sangleafhawwers út de gemeente Súdwest-Fryslân. It gehiel stiet ûnder leiding van dirigent/saxofoanist Jan Brens út Snits.
As gebaar nei syn publyk binne de konserten fan Hymne op sneintemiddeis altyd fergees. It is sûnt de oprjochting al wer de njoggende kear dat it orkest op de snein foar de krystdagen in krystkonsert jout.
De 32 leden fan it orkest komme út in 20-tal plakken yn ús provinsje. Alle jierren wurket Hymne mei oan sa’n 15 evenemínten: fan konserten, betinkings oant tsjerketsjnsten.
De lêste 5 jier krije de leafhawwers fan sjongen út de Súdwesthoeke fan Fryslân de kâns om yn in grut koar mei te sjongen. Yn in 5-tal repetysjes binne dit kear 11 krystlieten ynstudearre.
Ofwikseljend wurde âlde en nije lieten útfierd mei orkest en mienskiplik sjongen. HYMNE spilet in pear wurken fan Jacob de Haan, û.o. “Der Mond ist aufgegangen” en “Ich steh an Deiner Krippen her”. Dêrnjonken lit it orkest in pear bewurkings fan de dirigint hearre: “European Christmas”, “Licht dat ons aanstoot in de morgen” en “Panis Angelicus”.
It “krystkoar 2010” mei mear as 100 leden sjongt mei HYMNE “Peace like a River”. Fansels krije ek de âlde fertroude lieten rom omtinken.
Om de kosten te dekken is der by it útgean in kollekte.
-
Trijelûk-konsert yn Boalsert
Posted on oktober 19th, 2011 No comments
Koraalorkest Hymne, Hinsz-oargel en “Keppelfeest”Koraalorkest Hymne û.l.f. dirigint/saksofoanist Jan Brens út Snits jout op snein 30 oktober om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert in “trijelûk-konsert”. Dêrmei wurde twa eleminten oan elkoar ferbûn troch oargel en orkest: it Keppelfeest (60-jier nei Kneppelfreed) en Herfoarmingsdei (30 okt.).
- Tidens it konsert sille lieten út de op ‘e nij útjûne bondel fan Fedde Schurer syn “Gitaar by it boek” spile, songen en foardroegen wurde. De lieten binne op muzyk setten troch û.o. Hindrik van der Meer en Jan de Jong. Op dizze middei wurde “Manna” en “It gebed fan Habakuk” mei elkoar songen ûnder begelieding fan Hymne.
- Frou Anne Visser deklamearret inkele gedichten út de nije bondel dy’t dizze middei ek te krijen is by de Fryske Boekeklub achter yn de tsjerke.
- Jan Moens út Luttelgeest spilet mei Hymne in 5-tal wurken op it ferneamde Hinsz-oargel út 1781, û.o. “Tollite hostias” fan Camille Saint Saëns en “Finale” fan N.J.Lemmens.
- It “Lascia ch’io pianga” (liet fan de frijheid) wurdt spile troch oargel, orkest en saksofoan.
- Yn ferbân mei de herfoarmingsdei (31okt.) sil in bewurking fan dirigint Jan Brens fan it Lutherliet “In sterke festing is ús God” te hearren wêze. It arrangemint is bedoeld foar orkest, oargel en publyk.
Foar de takomst: op 15 april 2012 komt de nije CD van “Hymne” út mei in presintaaasje yn de Martinitsjerke fan Boalsert. Meiwurking oan de CD en de presintaasje jouwe de bekende sopraan Judith Sportel en oargelist Jan Moens yn een ôfwikseljend programma mei bysûndere wurken foar sopraan en orkest.
It Programma foar 30 oktober
- HYMNE: “Spirit of the living God”-trad. / arr. Jan Brens
- Deklamaasje: ”Gods wet komt út de donkerheid” – Fedde Schurer
- Gearsang mei HYMNE: “Manna”- tekst Fedde Schurer - muzyk Hindrik van der Meer
- HYMNE + oargel:“Tollite hostias”- Cam.Saint Saëns/arr.Kaspersma
- Oargelsolo: “Mars”-G.F.Händel
- HYMNE: “Graduale ”út “ Sacred Music” – Anton Bruckner
- Deklamaasje:”God en de Keizer”- Fedde Schurer
- HYMNE + oargel/saxello: “Lascia ch’io pianga” – G.F.Händel
- Gearsang mei HYMNE: “Gebed fan Habakuk”- tekst Fedde Schurer – muzyk Jan Brens
- HYMNE + oargel: “Finale”- N.J.Lemmens
- Deklamaasje: “De skriftgelearden” – Fedde Schurer
- HYMNE: “Lead me Lord” – S.S.Wesley / arr. Jan Brens
- HYMNE + oargel: “Peace like a river” –
- Deklamaasje: “Sizzen is neat” – Fedde Schurer
- HYMNE + oargel: “Luther Koraal” – arr. Jan Brens
- HYMNE: “Evening Song”- arr. Jan de Haan
De tagong fan beide konserten is fergees. Nei ôfrin is der in kollekte om de kosten te dekken.
——————————————————————————————–
Ha jo nocht om mei te spyljen by Hymne?Wy kinne noch wol in pear kornetblazers brûke.
Skriuw eefkes in meeltsje troch yn de menubalke boppe ”Kontakt” oan te klikken.
——————————————————————————————–
-
Wylst de wrâld fan wille skattert
Posted on oktober 4th, 2010 No commentsOp snein 7 novimber sil yn de RK Tsjerke op It Hearrenfean de premjêre wêze fan
“Wylst de wrâld fan wille skattert”,
it Frysk Rekwiem fan Jan de Jong en Eppie Dam troch it Keamerkoar Con Amore Musica.Yn it Frysk Rekwiem wurde de fêste ûnderdielen fan de Latynske deademis (Requiem Aeternam, Kyrie, Sanctus, Agnus Dei, Lux Aeterna, Pie Jesu, In Paradisum) ôfwiksele mei út it Ingelsk oersette teksten.
Se bekommentariearje de fêste sangen, dy’t hjir oars frijer werjûn binne as yn har tradisjonele foarm. Neist fjouwer oersettingen, draacht Eppie Dam trije teksten by fan eigen hân.
Yn ’e komposysje fan Jan de Jong is in foarname rol weilein foar de sopraansaksofoan. It ynstrumint past fan natuere goed by it strykensemble dêr’t er lyksa foar keas. As klavierynstrumint kompletearret net it oargel, mar de piano de net-fokale besetting. It Frysk Rekwiem is skreaun foar mingd koar en twa solisten: mezzosopraan en bariton.
Der is in twadde útfiering op 4 maaie om 20.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert.
-
Premjêre JEZUSKANTATE
Posted on maart 10th, 2010 No comments
Earste peaskedei 4 april sil yn de Martinitsjerke fan Snits om 15.30 oere de premjêre fan de Jezuskantate plakfine.Koraalorkest “Hymne” sil yn ‘e mande mei in grut gelegenheidskoar yn fûgelflecht it libben fan Jezus ferklankje. Dirigint Jan Brens skreau dit wurk foar koar, orkest en ferteller.
Annie Visser, dy’t ek twa jier lyn de “Johannes Passy” glâns joech yn de fertelparten, sil no wer soargje foaar de proazastikken.
Jan Moens út Luttelgeest begeliedt it koar op piano.
It koar bestiet út leden fan it okkerdeis oprjochte “Súdwestkoor”, oanfolle mei oare sangleafhawwers út de súdwesthoeke fan onze provinsje.
“Hymne” hâldt om de twa jier mei Peaske in grut konsert op de middei fan de earste peaskedei. In folgjende kear sil de Johannespassy wer útfierd wurde, wertroch der in tradysje ûntstiet fan peaskejubel. Eartiids wie it net de gewoante yn Nederland om tidens de peaskedagen konserten te jaan. Doe’t “Hymne” hjir yn 2008 mei begûn, die it bliken dat hjir wol ferlet fan wie. In grut publyk geniete doe fan in yndrukwekkende útfiering.
De “Jezuskantate” jout in oersjoch fan de berte, it libben, de dea en de ferrizenis fan Jezus fan Nazareth.
De muzyk bestiet foar it grutste part út bekende wizen. De lietteksten en de ferbinende ferhalen binne lykas de muzykarrangeminten troch Jan Brens makke. Koarlid Wieberen de Wit sil solearje op de dwêrsfluite by inkele parten yn de kantate.
It wurk duorret in dik oere en de tagong is, lykas wenst by “Hymne”, fergees. Wol sil der in kollekte by it útgean wêze om de ûnkosten te dekken.
Foar ynljochtings: J. van der Bij (0515-559597)
-
Benefyt Konsert foar Edukans
Posted on januari 4th, 2010 No commentsBenefytkonsert koraalorkest Hymne
Koraalorkest Hymne hâldt op 17 jannewaris om 15.30 oere in benefytkonsert foar Edukans yn de Martinitasjerke fan Snits. Meiwurking wurdt der jûn troch it 100 persoanen tellende gelegenheidskoar 2010 út de Súdwesthoeke.
It krystkonsert fan “HYMNE” koe troch it winterwaar dit jier net trochgean. As kompensaasje wurdt der op 17 jannewaris in benefytkonsert jûn dêr’t de opbringsten fan bestimd binne foar Edukans. Edukans is in ûntwikkelingsorganisaasje dy’t yn trêde-wrâld-lannen it ûnderwys stipet: troch finânsjele help foar skoalgebouwen en learmiddels.
It oanpaste programma programma duorret in oere en bestiet út yntrumintale muzyk, koarsang en it mei inoar sjongen. De algehiele muzikale lieding is in hannen fan dirigint Jan Brens.
“Hymne” spilet û.o. “Neapolis” (betsjut lykas Napels: nije stêd) fan komponist Dean Goffin en “Licht, dat ons aanstoot in de morgen” yn in bewurking fan de dirigint.
It “Koar 2010” bestiet út leden fan ferskate ferienings út Snits, Wymbritseradiel en oare sjongleafhawwers út de Súdwesthoeke. Yn in ekstra rippetysje hat it koar in pear lieten oan it repertoire taheakke, û.o. “De dag van dit gezang” en “Dank sei Dir, Herr”.
De begelieding op piano is yn hannen fan Jan Moens uit Luttelgeest en âld-Snitser Bouwe Marra. Jan Brens lit wer in saksofoan solo hearre.
De doelstelling fan dirigint en leden is om waarmte te fersprieden troch muzyk en it mei elkoar sjongen! De tagong is fergees, mar nei ôfrin is der in kolekte foar “EDUKANS”
Sûnt de oprjochting yn 2003 kent it orkest al inkele tradysjes lykas it krystkonsert op de snein fóárde Kryst yn de “Martini” en ien kear yn de twa jier mei Peaske in eigen kantate. Yn 2010 wurdt de “JEZUS-KANTATE” útfierd yn de mande mei in grut gelegenheidskoar. De première fan dizze kantate, dy’t skreaun is troch Jan Brens, is op de earste peaskedei om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits.
-
Oan jo de lof. Filmke
Posted on december 26th, 2009 No comments -
Krystkonsert 2009 yn de Martinitsjerke
Posted on december 26th, 2009 No comments
Koraalorkest Hymne hat op snein 21 desimber om 15.30 oere wer syn tradisjonele krystkonsert yn de Martinitsjerke fan Snits. Ek dit jier docht der wer in “gelegenheidskoar” fan mear as 100 leden út de omkriten fan Snits mei. Alde en nije krystlieten wurde ôfwiksele mei muzyk, koarsang en mienskiplik sjongen. De muzikale lieding is yn hannen fan Jan Brens. Tagong fergees – by de útgong in kollekte.Wa’t meisjonge wol yn it Krystkoar 2009 kin him/har opjaan by Jan Brens: 0515 425066 of
jan.brens@home.nljan.brens@home.nl
In pear wike foar de Kryst begjinne de repetysjes fan it koar. De sjongers komme krekt as de leden fan Hymne út de hiele provinsje. Om in goede ferdieling oer it koar te krijen dogge ek leden fan Laus Deo út Warkum mei. De repetysjes binne op 28 nev. en 12 des. fan 10-12.30 oere yn de Eastertsjerke fan Snits, Jachthavenstrjitte.
NB It Krystkoar 2009 songt op 24 des. om 19.30 oere ek yn it St. Antoniussikehûs fan Snits.
-
Oan jo de lof
Posted on december 26th, 2009 No commentsDe twadde CD fan Hymne is no te keap.
Yn novimber binne de opnames makke fan de lustrumCD fan Hymne. Der steane wat mear bewurkingen op fan bekende komponisten. Hjir de nûmers dy’t der op steane
Oan Jo de lof Koraalorkest Hymne û.l.f. Jan Brens
1 U zij de glorie arr. J. de Haan 2,26 2 Be still for the presence of the Lord Evans/arr. A.Blyth 2,51 3 Serenity (Meditation) Eric Ball 6,10 4 Gabriellas sang S. Nilson/arr. J.Brens 3,06 5 Zum Eingang (út: Deutsche Messe) Franz Schubert 1,14 6 Zum Sanctus (út: Deutsche Messe) Franz Schubert 1,27 7 Gelobt sei Gott arr. J. Brens 3,45 8 Selection Divine Communion A.W. Gullidge 6,51 9 A little prayer Glennie/arr. R Childs 2,24 10 St. Cuthbert J.B. Dykes 1,03 11 Groot is uw trouw, o Heer arr. H. Oldenstijl 3,10 12 Hymne of the rose arr. J. Brens 4,19 13 Oan Jo de lof arr. J. Brens 2,55 14 Hear wês mei ús arr. J. Brens 2,56 De CD waard opnommen op 27 en 29 oktober en 10 novimber 2008 yn de Fermanje fan Snits. De foto op de foarkant is nommen yn de Martinitsjerke fan Snits trochHenk Doevendans. Sjoch foar ynfomaasje oer Hymne de binnenkant. Opname: Total Sound Service, Drachten. -
Nije pauken
Posted on december 26th, 2009 No comments
De leden en bestjoer ha besletten om twa pauken oan te skaffen. Dat wie mooglik no’t Frits Zweed fan De Lemmer lid fan Hymne wurden is.As it moat kin hy him ek rêde mei oar slachwurk.




