• SIMMERKOAR” mei Thijs van Leer

    Posted on juli 30th, 2011 Jaap No comments

    Op snein 7 augustus om 20.00 oere is yn ‘e St.Martinustsjerke oan ‘e Singel yn Snits in grut konsert fan it SIMMERKOAR û.l.f. Jan Brens. As gast sil dêr wêze de fluitspiler Thijs van Leer, dy’t in freon is fan ‘e dirigint. Al sûnt 25 jier spilet hy by ferskate konserten yn en bûten Fryslân. Syn begelieder is de ek ferneamde oargelist/pianist Wybe Kooijmans fan ‘e Grutte Tsjerke yn Naarden.

    Yn ‘e santiger jierren begûn Thijs mei de band “Focus”.  De platen “Introspection” waarden wrâldferneamd. In pear jier ferlyn kaam de groep wer byelkoar en gong op toernee troch Europa. Yn 1989 wie hy mei Marco Bakker op konserten yn Fryslân mei dirigint/saksofonist Jan Brens. Wybe Kooijmans wurdt in soad frege as oargelist yn binnen-en bûtenlân. Ôfrûne moanne wie hy noch yn Boalsert en Easterein. Op piano begelate hy in grut oantal ferneamde artysten.

    Op it oargel spilet hy in stik allinnich en mei de dirigint op saksofoan û.o.”Lascia ch’io pianga”.

    It “SIMMERKOAR”is in projektkoar en bestiet út 55 leafhawwers dy’t yn ‘e fekânsjetiid trochsjonge wolle. Hja komme út Súdwest-Fryslân en de Stellingwerven fan sa’n 10 oare koaren. It koar jout in trijetal konserten yn en om Snits. De útsmiter is dit Snitswikekonsert. Men sjongt pop-en musicalsongs, gospels en shanty’s. Begelieder op piano is disse jûn Oeds Wijnsma út Ljouwert.

    It Frysk Blazers Ensemble bestiet út leden fan koraalorkest “Hymne”en oare korpsen út Snits en omkriten. It orkest, mei deselde dirigint as it “SIMMERKOAR”, begeliedt Thijs van Leer yn    “Bist du bei mir” fan Bach en “Menuet from Berenice” fan Händel. Sels spilet it orkest noch it moaie stik “Gabriëlla’s sang” út ‘e film “As it is in heaven”. In premjêre is de “Sneekweek-Ouverture”, basearre op it liet “I am sailing” yn in bewurking fan ‘e dirigint. It lêste nûmer is in liet yn it Stellingwerfs. Disse “Aovend-Hymne” is yn 2001 makke troch Johan Veenstra en is opnommen yn  de “Stellingwarf Cantate” , skreaun troch him en Jan Brens. Kaarten à 10 euro binne te krijen by de V.V.V. yn Snits  en muzykhannel Frans v.d. Hauw.

  • Posted on juni 17th, 2011 Jaap No comments

    Passykonsert yn de Baptistentsjerke.

    Op 13 maart joech Hymne in konsert mei it Baptistentsjerkekoar yn Snits. In fotoympresje sit ûnder “Album weergeven” en “Diavoorstelling afspelen”.

    Album weergeven
    Diavoorstelling afspelen

    ——————————————————————————————-

  • Konsert yn Haren

    Posted on februari 28th, 2011 Jaap No comments

    Harener kerkkoor met bariton Henk Wester o.l.v. Jan Harryvan

    en Koraalorkest “Hymne” uit Sneek o.l.v. Jan Brens

    en soliste de sopraan Greetje de Haan

    organist ANCO EZINGA

    op zaterdag 5 maart 2011

    in de Gorechtkerk te Haren

  • CD-presintaasje en konsert

    Posted on februari 25th, 2011 Jaap No comments

     

    Snein 10 april 2011 om 15.30 oere wurdt yn de Martinikerk fan Boalsert de nijste CD fan it

    Fries Mannen Ensemble” en JUDITH  SPORTEL presintearre

    m.m.f. Koraalorkest “HYMNE” enFrysk Koper Ensemble”

    muzikale lieding JAN BRENS

     presintator:       Douwe Heeringa

    gastsprekker:      Jan  Brandsma

     De tagong is fergees.

                    ===================================

  • Fakatueres

    Posted on februari 22nd, 2011 Jaap No comments

    ——————————————————————————————–

    Ha jo nocht om mei te spyljen by Hymne?

    Wy kinne noch wol in pear kornetblazers brûke.

    Skriuw eefkes in meeltsje troch yn de menubalke boppe  ”Kontakt” oan te klikken.

    ====================================================

  • Krystkonsert Koraalorkest “Hymne” mei “Krystkoar 2010”

    Posted on december 3rd, 2010 Jaap No comments

    Koraalorkest HYMNE hâldt syn tradisjonele krystkonsert op sein 19 dec. om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits. Ek dit jier is der wer in grut krystkoar foarme, besteande út leden fan it “Súdwestkoar”, oanfolle mei leafhawwers fan sjongen út de omkriten fan Snits. It gehiel stiet ûnder lieding fan dirigint/saksefoanist Jan Brens út Snits. It is al wer de achtste kear dat it orkest, sûnt syn oprjochting, in krystkonsert jout. HYMNE sjocht noch hieltyd kâns om syn publyk de konserten fergees oan te bieden op de sneintemiddeis. Spitigernôch koe it konsert fan ferline jier om it winterske waar net trochgean.

    De leden fan dit spesjaal op koraalmuzyk rjochte orkest komme út alle hoeken fan de provinsje. It eigen karakter fan it orkest sprekt har oan. Alle jierren wurket it orkest mei oan sa’n 15 optredens, konserten, betinkings en tsjerketsjinsten.

    De lêste 4 jier jout Hymne de sjongers út de Súdwesthoeke fan Fryslân de kâns om yn in grut koar mei te sjongen by inkele útfierings fan Hymne. Yn in trijetal repetysjes binne  dizze kear 11 krystlieten ynstudearre. Orkest en koar wikselje inoar ôf yn it konsert wêrby’t âlde en nije lieten te hearren binne. Der is ek wer romte makke yn it programma foar it mei elkoar sjongen.

    HYMNE spilet û.o. in pear wurken fan Jacob de Haan: “The Spirit of Christmas”en “Ich steh an Deiner Krippen her”. Dêrnjonken binne der komposysjes fan de dirigint:  “In Bethlehems stal” en “Licht dat ons aanstoot in de morgen”.

    It “Krystkoar 2010” sjongt û.o. mei HYMNE it “A day of Glory” fan Ray Shepherd en “Mary’s Boy Child” yn in bewurking fan de dirigint. Ek it nije krystliet “Kom, ’t is Kryst” mei tekst en muzyk fan Jan Brens, sil it koar sjonge. Fansels sille de âlde, bekende lieten rom omtinken krije, benammen by it mienskiplik sjongen.

    Om de kosten te dekken wurdt by de útgong in kollekte hâlden.

  • HYMNE” mei Judith Sportel en Fries Mannen Ensemble

    Posted on september 28th, 2010 Jaap No comments

    Koraalorkest “Hymne” jout snein 17 okt. om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert
    in konsert mei de fan radio en tillevyzje ferneamde sopraan Judith Sportel.

    Under lieding fan dirigint Jan Brens sil se mei “Hymne” en it solistekoar “Fries Mannen Ensemble” bekende klassike en geastlike wurken sjonge.
    Ferline jier wie der in protte wurdearring foar it optreden fan Hymne mei it Warkumer mannekoar yn in folle Martinitsjerke. Hymne set de jonge tradysje yn Boalsert troch mei in fergees konsert fan sjongen en muzyk yn dizze prachtige klankfolle tsjerke. Dat moat wol slagje mei in soliste as Judith Sportel.

    Judith Sportel studearre klassike sang oan it konservatoarium fan Swol. Al tidens har stúdzje die se solistysk wurk by ferskate koaren. Se waard lanlik bekend troch it TV-programma “Nederland Zingt”. Se hat toernees makke troch Dútslân en optredens yn Londen, Parys en Praach. Judith giet njonken it klassike it “lichte” sjenre net út ‘e wei.
    As alsidich vokaliste hat se ek de wei nei it teaterpoadium fûn mei opera-, operette- en musikal-repertoire. Sportel docht al in skoftke mei yn it “Synergy-ensemble”. Se stribbet der nei om troch in útbalânsearre stimgebrûk en in eigen ynterpretaasje in ekstra diminsje oan de tekst te jaan.

    Het “Fries Mannen Ensemble” waard oprjochte yn 2008 troch koarlid Koop Lammertsma en dirigint Jan Brens. Undertusken is de groep al tige bekend wurden troch de eigen styl yn konserten en tsjerketsjinsten. De opbringsten fan de CD fan it ensemble binne foar it projekt “Nobody’s Child”: foar in famkesskoalle yn Sri Lanka. Siep Dijkstra en syn frou bringe it jild der persoanlik hinne (op eigen kosten).

    Koraalorkest “Hymne” waard oprjochte yn 2003 troch de dirigint en hat him in eigen plakje ta eigene yn it korpslibben yn Fryslân mei al mear as hûndert optredens. “Hymne” hat rom 30 leden, dy’t yn rûnom yn Fryslân wenje. Sûnt de oprjochting wurdt der op moandeitejûn rippetearre yn it Bogerman Kolleezje fan Snits.

    Op dizze middei sil “Hymne”, njonken de begelieding fan Judith Sportel en de mienskiplike sang, bekende blaasmuzyk spylje, lykas “Serenity” fan Eric Ball en “Licht dat ons aanstoot in de morgen” yn in bewurking fan de dirigint mei de sjongtekst fan Huub Oosterhuis. Fierder wurdt it bysûnder klankfolle “Graduale” fan Anton Bruckner spile.
    Begelieder op it koaroargel is Jan Moens út Luttelgeest, in learling fan de ferstoane Klaas Jan Mulder, dy’t foarhinne hiel wat konserten jûn hat yn Boalsert. Neist in solo op it grutte oargel, begeliedt Jan Moens de dirigint Jan Brens yn in wurk foar saksofoan.

  • Start fan it blaasseizoen

    Posted on augustus 29th, 2010 Jaap No comments

    Hymne is al wer los. Op 16 augustus wie de earste rippetysje en op 20 augustus waard in oade oan it breidspear Van Ommen yn Heech brocht omdat se 40 jier troud wiene.
    Op 28 augustus wie it jierlikse boatreiske. Froukje hat hat dêr wat foto’s fan makke (sjoch it filmke).