• Saxofoonkwartet Rollin´Phones fiert har 30-jierrich jubileum

    Posted on januari 20th, 2016 Jaap No comments

    Het Zweedse Rollin’ Phones is het kwartet waarin ook ‘ús’ Edith Bakker speelt. Dit kwartet bestaat dit jaar 30 jaar, alle reden voor feest en… een CD. Voor dit laatste loopt momenteel een crowd-funding actie; geld inzamelen om die CD te kunnen verwezenlijken.
    De actie loopt nog tot 29 januari en elke euro is welkom. Laten we met z’n allen ervoor zorgen dat cultuur op de kaart blijft en het bijzonder kwartet Rollin’ Phones steunen!
    Wie graag wil steunen, maar eerst meer informatie wil: Edith legt het graag uit! Meer info via edith-bakker@hotmail.com.

    Geen categorie
  • Ole, ole

    Posted on januari 12th, 2016 Jaap No comments

    In filmke mei it ferske Ole, Ole of better Salve Rociera of Ecos Del Rocio (echo van de Rocio)

    Concierto, 2 de marzo de 2013, Sala Mozart, Auditorio de Zaragoza.
    Banda Municipal de Música de Ejea de los Caballeros, Zaragoza.
    Grupo Nostalgia Andaluza de la Casa de Andalucía en Zaragoza
    Javier Comenge Leonar. Director

    Wy stuiten in jier as wat lyn by tafal op in prosesje yn it stêdsje Ronda yn Andalusië. Ronda leit op in pear hege rotsen yn in grutte flakte. It stêdsje wurdt yn twa stikken spjalten troch in djip ravyn mei in âlde brêge dy’t de twa helten mei elkoar ferbynt. Ronda is ien fan de saneamde wite  doarpen dy’t noch út de tiid fan de Moren stammet. Alle gebouwen binne mei wytkalk oerstrutsen. Dy Moren (fan it Arabysk Murat = westen) wiene Berbers en Arabieren dy’t út Marokko kamen en it Mohammedanisme yn hiel Spanje en Súd-Frankryk brochten. Yn 732 waarden se ferslein troch Karel Martel by Poitiers. Dêrnei waarden se stadichoan út Europa ferdreaun mar har bouwstyl libbet der noch fierder (Alhambra).

    Dêrnei waard Spanje wer Roomsk en koenen de Spanjoalen har prosesjes wer hâlde. It is in lange optocht mei menear pastoar en syn feinten foarop. Foaryn wurdt it byld fan de stêdshillige meidroegen en in kistke dêr’t de bonken fan de hillige yn lizze, tenminste as jo de Rondenaren leauwe meie. Yn de stoet rûnen jonge mannen mei bleat boppeliif mei dy’t harsels mei stikken touw giselden, de saneamde boetedwaning.  Doe’t wy dêr hiel tafallich foar de Peaskedagen wiene hâlden se har omgong troch de stêd en dêrby songen se it Olé dat wy no op ‘e lessenaar hawwe. Sadree se it út hiene begonnen se wer op’e nij mei itselde deuntsje. Der rûnen in pear blazers en tromslaggers mei yn de optocht. In hiele eigen, foar ús aparte, sfear. (Jaap)

    Geen categorie
  • Doutsen Bakker(10) spilet mei yn Hymne

    Posted on januari 12th, 2016 Jaap No comments

    Geen categorie