• Repetysje yn de maitiidsfakânsje

    Posted on februari 16th, 2015 Jaap No comments

    Moandei 23 febrewaris hat Hymne de repetysje yn de Eastertsjerke y.f.m. de fakânsje op Bogerman.

  • Filmke nov. 2014

    Posted on februari 16th, 2015 Jaap No comments

    Op de fotopagina is is ûnderoan it jongste filmke fan Hymne setten.

  • Rûte Wetterpleats

    Posted on februari 4th, 2015 Jaap No comments

    Wy hâlde ús jiergearkomste dit jier yn de Wetterpleats yn Twellegea op 9 febrewaris om 19.30 oere. Adres: Lytse Súdein 3.

    Nim de âlde Rykswei nei Oppenhuizen/Uitwellingerga. Nei it yndustryterrein komt der earst in rotonde: rjochtút. Dan in ôfslach nei links: rjochtút. Fuort dêrnei in ôslach nei rjochts (pylkje op de kaart). Dêr ôfslaan en trochride nei it PMkanaal. Links ûnder de brêge troch en dan de earst ôfslach rjochts en je ride op de Wetterpleat ta.

    Op kaartsje klikke om te fergrutsjen.

  • Rûte Nijegea

    Posted on februari 4th, 2015 Jaap No comments

    De âlde Herfoarme tsjerke leit mar in pear hûndert meter fan de N31 (de Wâldwei). Komme jo fan Ljouwert dan by de ôfslach Nijega, Oudega, Opeinde rjochts  ôfslaan. Fan de Drachtster kant ôf is it linksôf oan de ein fan de ôfslach.

    Klik eefkes op it kaartsje, dan wurdt dy grutter.