• 11e Krystkonsert fan Koraalorkest Hymne

    Posted on december 4th, 2014 Jaap No comments

    It 11e Krystkonsert fan Koraalorkest Hymne û.l.f. Roelof Bakker yn de Martinitsjerke fan Snits is wêr op de lêste snein foar de krystdagen: 21 des. om 15.30 oant 16.45.

    Dizze kear mei meiwurking fan it Interkerkelijk Mannenkoor Drachten û.l.f. Harm van der Meer. Orkest en koar biede in tige ôfwikseljend programma fan âlde bekende en minder bekende meldijen út ferskate lannen. Sa steane der wurken fan Bach, Händel en Bradsburry op it programma en dêr njonken wat tichterby hûs fan Ferwerda en Klaas Jan Mulder. Fansels wurde de harkers ek útnoege om in tal bekendere lieten mei te sjongen. De tagong is fergees en by de útgong is der in kollekte om de ûnkosten te dekken.

    It earste nûmer fan de hijste CD fan it IMD:

    01. De hemelen juichen

    Geen categorie