• Krystkonsert

    Posted on november 3rd, 2014 Jaap No comments

    Mei de beide dirigenten fan Hymne en it IMD binne ôfspraken makke oer de opstelling en in tal praktyske saken. Dat binne:

    – Hymne sit foar de preekstoel mei de rêch der nei ta (gesicht nei it publyk)

    – it koar (110 man) sit yn de banken foar it oargel en bliuwt dêr ek tidens har optreden,’

    – it konsert duorret likernôch fiif kertier, mei twa kear in blokje fan 15 min. foar korps en koar,

    – der is romte foar it sjongen fan it publyk fan 15 minuten,

    – kofje is foar rekken fan Hymne, foar IMD is dat as se om 14.00 oere binnenkomme,

    – 14.00 oere ynspyljen fan Hymne,

    – 14.30 oere ynsjongen fan IMD,

    – 15.00 oere korps en koar lûke har werom wylst it publyk der ynkomt, doar iepen om 15.00 oere en dy giet net om 15.30 ticht,

    – 15.30 oere komt earst it korps op mei ynstruminten, útsein bassen en trombones,

    – iepening troch de foarsitter (advys oan publyk om net te klappen tidens it konsert, mar oan ‘e ein). Dêrnei komme de dirigenten der yn.