• Nije dirigint foar Koraalorkest Hymne

    Posted on januari 16th, 2014 Jaap No comments

    Begjin jannewaris is de bân tusken dirigint Jan Brens en Koraalorkest Hymne ferbrutsen. Brens wie yn 2003 de inisjatyfnimmer/dirigint fan it op te rjochtsjen koraalorkest. Nei in tsienjierrige en suksesfolle perioade komt dêr feroaring yn.

    Op de ledefergadering fan 13 jannewaris 2014 is besletten om Roelof Bakker fan Tjerkwerd te beneamen as dirigint fan Koraalorkest Hymne. Bestjoer en leden fan Hymne binne fan doel ûnder de lieding fan Bakker op deselde wize troch te gean troch it spyljen fan koralen, koraalfariaties, koraalarrangementen en karakterstikken. It orkest sil him ek yn de takomst hearre litte yn konserten en by it begelieden fan tsjerketsjinsten en oare eveneminten dy’t by har karakter past lykas se oan no ta dien hat.