• Krystkonsert Koraalorkest Hymne m.m.f. grut Krystkoar

    Posted on december 5th, 2013 Jaap No comments

    Koraalorkest HYMNE hâldt ek dit jier wer in grut krystkonsert yn de Martinitsjerke fan Snits op snein 22 desimber om 15.30 oere.

    U.l.f. dirigint/saxofoanist Jan Brens sille orkest en Krystkoar wer âlde en nije lieten hearre litte. As solist by it koar sjongt tenor Mario van der Werf yn û.o. “O, holy night” en “Amen”. Fansels is der ek it mei elkoar sjongen yn it programma opnommen.

    Koraalorkest HYMNE, dat no dik 10 jier yn Fryslân aktyf is, bestiet út 30 leden, dy’t fan 20 ferskate plakken út de provinsje komme. De besetting (brassband+saxofoons) is lykas it repertoire unyk yn de wrâld. Koralen, hymnes, licht-klassike wurken wurde spile yn arrangementen fan bekende komponisten en de dirigent.

    Dit jier spilet HYMNE as “grut wurk” de “Fantaisie súr trois Noëls” fan de eartiids bekende komponist/dirigint Meindert Boekel. Kompleet mei slachwurk (drumstel en pauken) en klokkespul troch Sjoerd Osinga sil dit harmonieuze muzykstik út de 60-er jierren útfierd wurde.

    It Krystkoar bestiet út leden fan it Súdwestkoar (70), oanfolle mei leafhawwers fan in 10-tal oare koaren út de regio. Op har programma steane û.a it “Adiemus” (Jenkins), “Born in Bethlehem”(Kirkland) en it “A la Berline Postiljon”(Herman van Veen) yn arranzjeminten fan Jan Brens. De lieten wurde yn in “Kerst-sing-in” fan sneon 14 des. ynoefene.

    De tagong is fergees, wol is der by it útgean in kollekte om de ûnkosten te dekken.

    Geen categorie