• Joazef yn Kollumersweach

    Posted on april 25th, 2013 Jaap 1 comment

    Snein 2 juni om 19.30 oere wurdt yn de Griff. tsjerke fan Kollumersweach (Foarwei 97) It Wûndermearke fan Joazef foar de trêde kear útfierd.

    Hjirûnder stiet mear oer dit sjong- en muzykferhaal dat skreaun en komponearre is troch de dirigint fan Koraalorkest Hymne, Jan Brens fan Snits.

    As der op oare plakken belangstelling is foar in útfiering dan hearre wy dat graach. Nim dan kontakt op mei de skriuwer fan Hymne: jabikvanderbij@home.nl. Belje mei ek: 0515 559597.


    Geen categorie
  • It wûndermearke fan Joazef

    Posted on april 11th, 2013 Jaap No comments

    Op snein 14 april om 15.30 oere wurdt yn de RK tsjerke fan it Hearenfean un bysûnder konsert jûn. Koraalorkest HYMNE en it80 leden tellende SÚDWESTKOOR út Snits, beide û.l.f. dirigent/saxofonist Jan Brens bringe it troch de dirigent makke wurk “It wûndermearke fan Joazef”. Mei ferteller Teo de Groot út Ljouwert, tenor/bariton Mario van der Werf út Snits en pianist Jan Moens út Luttelgeest musisearje koor en orkest yn fûgelflecht troch it libben fan Joazef út it âle testamint.

    It muzykstik, dat ferline jier syn première hie yn Snits, foel der tige yn by in folle Eastertsjerke. It wurk duorret in oere. No’t it okkerdeis fergrutte poadium yn de Feanster RK tsjerke mear romte jout, lient de tsjerke him tige foar koar, orkest en solisten fan rom 110 leden. Teksten en arrangeminten foar koar en orkest binne fan Jan Brens.De meldijen binne foar it grutste part makke nei klassike komposjes. De meldij fan de yntro en dy fan it slotliet herinnerje oan de musical, dy’t makke is trochAndrew Lloyd Webber. Sjoerd Osinga uit Idskenhuizen spilet op de pauken en het klokkespul by it orkest.

    De solopartijen fan Joazef, de Farao, de skinker en de bakker wurde troch Anne en Mario van der Werf vertolke. De djippe basstim fan Teo de Groot soarget foar de juste sfear yn de fertelteksten fan de komposisje. De trije solisten binne leden fan it FRIES MANNEN ENSEMBLE. Sjoch foar mear ynformaasje en de CD’s fan orkest en koar: www.koraalorkesthymne.nl, www.sudwestkoor.nl, www.friesmannenensemble.nl en www.janbrensdirigent.nl

    De tagong is fergees. By it útgean is der in kollekte om de ûnkosten te dekken.

    Geen categorie