• Trijelûk-konsert yn Boalsert

    Posted on oktober 19th, 2011 Jaap No comments

    Koraalorkest Hymne, Hinsz-oargel en “Keppelfeest”

    Koraalorkest Hymne û.l.f. dirigint/saksofoanist Jan Brens út Snits jout op snein 30 oktober om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert in “trijelûk-konsert”. Dêrmei wurde twa eleminten oan elkoar ferbûn troch oargel en orkest: it Keppelfeest (60-jier nei Kneppelfreed) en Herfoarmingsdei (30 okt.).

     -        Tidens it konsert sille lieten út de op ‘e nij útjûne bondel fan Fedde Schurer syn “Gitaar by it boek” spile, songen en foardroegen wurde. De lieten binne op muzyk setten troch û.o.  Hindrik van der Meer en Jan de Jong. Op dizze middei wurde “Manna” en “It gebed fan Habakuk” mei elkoar songen ûnder begelieding fan Hymne.

    -        Frou Anne Visser deklamearret inkele gedichten út de nije bondel dy’t dizze middei ek te krijen is by de Fryske Boekeklub achter yn de tsjerke.  

    -        Jan Moens út Luttelgeest spilet mei Hymne in 5-tal wurken op it ferneamde Hinsz-oargel út 1781, û.o.  “Tollite hostias” fan Camille Saint Saëns en “Finale” fan N.J.Lemmens.

    -        It  “Lascia ch’io pianga” (liet fan de frijheid) wurdt spile troch oargel, orkest en saksofoan.

    -        Yn ferbân mei de herfoarmingsdei (31okt.) sil in bewurking fan dirigint Jan Brens fan it Lutherliet “In sterke festing is ús God” te hearren wêze. It arrangemint  is bedoeld foar orkest, oargel en publyk.

    Foar de takomst: op 15 april 2012 komt de nije CD van “Hymne” út mei in presintaaasje yn de Martinitsjerke fan Boalsert.  Meiwurking oan de CD en de presintaasje jouwe de bekende sopraan Judith Sportel en oargelist Jan Moens yn een ôfwikseljend programma mei bysûndere wurken foar sopraan en orkest.

     It Programma foar 30 oktober

    1. HYMNE: “Spirit of the living God”-trad. / arr. Jan Brens
    2. Deklamaasje: ”Gods wet komt út de donkerheid” – Fedde Schurer
    3. Gearsang mei HYMNE: “Manna”- tekst Fedde Schurer  - muzyk Hindrik van der Meer
    4. HYMNE + oargel:“Tollite hostias”- Cam.Saint Saëns/arr.Kaspersma
    5. Oargelsolo: “Mars”-G.F.Händel
    6. HYMNE: “Graduale ”út “ Sacred Music” – Anton Bruckner
    7. Deklamaasje:”God en de Keizer”- Fedde Schurer
    8. HYMNE + oargel/saxello: “Lascia ch’io pianga” – G.F.Händel
    9. Gearsang mei HYMNE: “Gebed fan Habakuk”- tekst Fedde Schurer – muzyk Jan Brens
    10. HYMNE + oargel: “Finale”- N.J.Lemmens
    11. Deklamaasje: “De skriftgelearden” – Fedde Schurer
    12. HYMNE: “Lead me Lord” – S.S.Wesley / arr. Jan Brens
    13. HYMNE + oargel: “Peace like a river” –
    14. Deklamaasje: “Sizzen is neat” – Fedde Schurer
    15. HYMNE + oargel: “Luther Koraal” – arr. Jan Brens
    16. HYMNE: “Evening Song”- arr. Jan de Haan

     De tagong fan beide konserten is fergees. Nei ôfrin is der in kollekte om de kosten te dekken.

    ——————————————————————————————–

    Ha jo nocht om mei te spyljen by Hymne?

    Wy kinne noch wol in pear kornetblazers brûke.

    Skriuw eefkes in meeltsje troch yn de menubalke boppe  ”Kontakt” oan te klikken.

    ——————————————————————————————–