• Wylst de wrâld fan wille skattert

    Posted on oktober 4th, 2010 Jaap No comments

    Op snein 7 novimber sil yn de RK Tsjerke op It Hearrenfean de premjêre wêze fan

    Wylst de wrâld fan wille skattert”,

    it Frysk Rekwiem fan Jan de Jong en Eppie Dam troch it Keamerkoar Con Amore Musica.

    Yn it Frysk Rekwiem wurde de fêste ûnderdielen fan de Latynske deademis (Requiem Aeternam, Kyrie, Sanctus, Agnus Dei, Lux Aeterna, Pie Jesu, In Paradisum) ôfwiksele mei út it Ingelsk oersette teksten.

    Se bekommentariearje de fêste sangen, dy’t hjir oars frijer werjûn binne as yn har tradisjonele foarm. Neist fjouwer oersettingen, draacht Eppie Dam trije teksten by fan eigen hân.

    Yn ’e komposysje fan Jan de Jong is in foarname rol weilein foar de sopraansaksofoan. It ynstrumint past fan natuere goed by it strykensemble dêr’t er lyksa foar keas. As klavierynstrumint kompletearret net it oargel, mar de piano de net-fokale besetting. It Frysk Rekwiem is skreaun foar mingd koar en twa solisten: mezzosopraan en bariton.

    Der is in twadde útfiering op 4 maaie om 20.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert.

    Geen categorie