• HYMNE” mei Judith Sportel en Fries Mannen Ensemble

    Posted on september 28th, 2010 Jaap No comments

    Koraalorkest “Hymne” jout snein 17 okt. om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert
    in konsert mei de fan radio en tillevyzje ferneamde sopraan Judith Sportel.

    Under lieding fan dirigint Jan Brens sil se mei “Hymne” en it solistekoar “Fries Mannen Ensemble” bekende klassike en geastlike wurken sjonge.
    Ferline jier wie der in protte wurdearring foar it optreden fan Hymne mei it Warkumer mannekoar yn in folle Martinitsjerke. Hymne set de jonge tradysje yn Boalsert troch mei in fergees konsert fan sjongen en muzyk yn dizze prachtige klankfolle tsjerke. Dat moat wol slagje mei in soliste as Judith Sportel.

    Judith Sportel studearre klassike sang oan it konservatoarium fan Swol. Al tidens har stúdzje die se solistysk wurk by ferskate koaren. Se waard lanlik bekend troch it TV-programma “Nederland Zingt”. Se hat toernees makke troch Dútslân en optredens yn Londen, Parys en Praach. Judith giet njonken it klassike it “lichte” sjenre net út ‘e wei.
    As alsidich vokaliste hat se ek de wei nei it teaterpoadium fûn mei opera-, operette- en musikal-repertoire. Sportel docht al in skoftke mei yn it “Synergy-ensemble”. Se stribbet der nei om troch in útbalânsearre stimgebrûk en in eigen ynterpretaasje in ekstra diminsje oan de tekst te jaan.

    Het “Fries Mannen Ensemble” waard oprjochte yn 2008 troch koarlid Koop Lammertsma en dirigint Jan Brens. Undertusken is de groep al tige bekend wurden troch de eigen styl yn konserten en tsjerketsjinsten. De opbringsten fan de CD fan it ensemble binne foar it projekt “Nobody’s Child”: foar in famkesskoalle yn Sri Lanka. Siep Dijkstra en syn frou bringe it jild der persoanlik hinne (op eigen kosten).

    Koraalorkest “Hymne” waard oprjochte yn 2003 troch de dirigint en hat him in eigen plakje ta eigene yn it korpslibben yn Fryslân mei al mear as hûndert optredens. “Hymne” hat rom 30 leden, dy’t yn rûnom yn Fryslân wenje. Sûnt de oprjochting wurdt der op moandeitejûn rippetearre yn it Bogerman Kolleezje fan Snits.

    Op dizze middei sil “Hymne”, njonken de begelieding fan Judith Sportel en de mienskiplike sang, bekende blaasmuzyk spylje, lykas “Serenity” fan Eric Ball en “Licht dat ons aanstoot in de morgen” yn in bewurking fan de dirigint mei de sjongtekst fan Huub Oosterhuis. Fierder wurdt it bysûnder klankfolle “Graduale” fan Anton Bruckner spile.
    Begelieder op it koaroargel is Jan Moens út Luttelgeest, in learling fan de ferstoane Klaas Jan Mulder, dy’t foarhinne hiel wat konserten jûn hat yn Boalsert. Neist in solo op it grutte oargel, begeliedt Jan Moens de dirigint Jan Brens yn in wurk foar saksofoan.