• Benefyt Konsert foar Edukans

    Posted on januari 4th, 2010 Jaap No comments

    Benefytkonsert koraalorkest Hymne

    Koraalorkest Hymne hâldt op 17 jannewaris om 15.30 oere in benefytkonsert foar Edukans yn de Martinitasjerke fan Snits. Meiwurking wurdt der jûn troch it 100 persoanen tellende gelegenheidskoar 2010 út de Súdwesthoeke.

    It krystkonsert fan “HYMNE” koe troch it winterwaar dit jier net trochgean. As kompensaasje wurdt der op 17 jannewaris in benefytkonsert jûn dêr’t de opbringsten fan bestimd binne foar Edukans. Edukans is in ûntwikkelingsorganisaasje dy’t yn trêde-wrâld-lannen it ûnderwys stipet: troch finânsjele help foar skoalgebouwen en learmiddels.

    It oanpaste programma programma duorret in oere en bestiet út yntrumintale muzyk, koarsang en it mei inoar sjongen. De algehiele muzikale lieding is in hannen fan dirigint Jan Brens.

    “Hymne” spilet  û.o. “Neapolis” (betsjut lykas Napels: nije stêd) fan komponist Dean Goffin en “Licht, dat ons aanstoot in de morgen” yn in bewurking fan de dirigint.

    It “Koar 2010” bestiet út leden fan ferskate ferienings út Snits, Wymbritseradiel en oare sjongleafhawwers út de Súdwesthoeke. Yn in ekstra rippetysje hat it koar in pear lieten oan it repertoire taheakke, û.o. “De dag van dit gezang” en “Dank sei Dir, Herr”. 

    De begelieding op piano is yn hannen fan Jan Moens uit Luttelgeest en âld-Snitser Bouwe Marra. Jan Brens lit wer in saksofoan solo hearre.

    De doelstelling fan dirigint en leden is om waarmte te fersprieden troch muzyk en it mei elkoar sjongen! De tagong is fergees, mar nei ôfrin is der in kolekte foar “EDUKANS”

    Sûnt de oprjochting yn 2003 kent it orkest al inkele tradysjes lykas it krystkonsert op de snein fóárde Kryst yn de “Martini” en ien kear yn de twa jier mei Peaske in eigen kantate. Yn 2010 wurdt de “JEZUS-KANTATE” útfierd  yn de mande mei in grut gelegenheidskoar. De première fan dizze kantate, dy’t skreaun is troch Jan Brens, is op de earste peaskedei om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits.