• Krystkonsert 2009 yn de Martinitsjerke

    Posted on december 26th, 2009 admin No comments

    Koraalorkest Hymne hat op snein 21 desimber om 15.30 oere wer syn tradisjonele krystkonsert yn de Martinitsjerke fan Snits. Ek dit jier docht der wer in “gelegenheidskoar” fan mear as 100 leden út de omkriten fan Snits mei. Alde en nije krystlieten wurde ôfwiksele mei muzyk, koarsang en mienskiplik sjongen. De muzikale lieding is yn hannen fan Jan Brens. Tagong fergees – by de útgong in kollekte.

    Wa’t meisjonge wol yn it Krystkoar 2009 kin him/har opjaan by Jan Brens: 0515 425066 of

    jan.brens@home.nljan.brens@home.nl

    In pear wike foar de Kryst begjinne de repetysjes fan it koar. De sjongers komme krekt as de leden fan Hymne út de hiele provinsje. Om in goede ferdieling oer it koar te krijen dogge ek leden fan Laus Deo út Warkum mei. De repetysjes binne op 28 nev. en 12 des. fan 10-12.30 oere yn de Eastertsjerke fan Snits, Jachthavenstrjitte.

    NB It Krystkoar 2009 songt op 24 des. om 19.30 oere ek yn it St. Antoniussikehûs fan Snits.

    Geen categorie

    Leave a reply