-
Premjêre JEZUSKANTATE
Posted on maart 10th, 2010 No comments
Earste peaskedei 4 april sil yn de Martinitsjerke fan Snits om 15.30 oere de premjêre fan de Jezuskantate plakfine.Koraalorkest “Hymne” sil yn ‘e mande mei in grut gelegenheidskoar yn fûgelflecht it libben fan Jezus ferklankje. Dirigint Jan Brens skreau dit wurk foar koar, orkest en ferteller.
Annie Visser, dy’t ek twa jier lyn de “Johannes Passy” glâns joech yn de fertelparten, sil no wer soargje foaar de proazastikken.
Jan Moens út Luttelgeest begeliedt it koar op piano.
It koar bestiet út leden fan it okkerdeis oprjochte “Súdwestkoor”, oanfolle mei oare sangleafhawwers út de súdwesthoeke fan onze provinsje.
“Hymne” hâldt om de twa jier mei Peaske in grut konsert op de middei fan de earste peaskedei. In folgjende kear sil de Johannespassy wer útfierd wurde, wertroch der in tradysje ûntstiet fan peaskejubel. Eartiids wie it net de gewoante yn Nederland om tidens de peaskedagen konserten te jaan. Doe’t “Hymne” hjir yn 2008 mei begûn, die it bliken dat hjir wol ferlet fan wie. In grut publyk geniete doe fan in yndrukwekkende útfiering.
De “Jezuskantate” jout in oersjoch fan de berte, it libben, de dea en de ferrizenis fan Jezus fan Nazareth.
De muzyk bestiet foar it grutste part út bekende wizen. De lietteksten en de ferbinende ferhalen binne lykas de muzykarrangeminten troch Jan Brens makke. Koarlid Wieberen de Wit sil solearje op de dwêrsfluite by inkele parten yn de kantate.
It wurk duorret in dik oere en de tagong is, lykas wenst by “Hymne”, fergees. Wol sil der in kollekte by it útgean wêze om de ûnkosten te dekken.
Foar ynljochtings: J. van der Bij (0515-559597)
-
Benefyt Konsert foar Edukans
Posted on jannewaris 4th, 2010 No commentsBenefytkonsert koraalorkest Hymne
Koraalorkest Hymne hâldt op 17 jannewaris om 15.30 oere in benefytkonsert foar Edukans yn de Martinitasjerke fan Snits. Meiwurking wurdt der jûn troch it 100 persoanen tellende gelegenheidskoar 2010 út de Súdwesthoeke.
It krystkonsert fan “HYMNE” koe troch it winterwaar dit jier net trochgean. As kompensaasje wurdt der op 17 jannewaris in benefytkonsert jûn dêr’t de opbringsten fan bestimd binne foar Edukans. Edukans is in ûntwikkelingsorganisaasje dy’t yn trêde-wrâld-lannen it ûnderwys stipet: troch finânsjele help foar skoalgebouwen en learmiddels.
It oanpaste programma programma duorret in oere en bestiet út yntrumintale muzyk, koarsang en it mei inoar sjongen. De algehiele muzikale lieding is in hannen fan dirigint Jan Brens.
“Hymne” spilet û.o. “Neapolis” (betsjut lykas Napels: nije stêd) fan komponist Dean Goffin en “Licht, dat ons aanstoot in de morgen” yn in bewurking fan de dirigint.
It “Koar 2010” bestiet út leden fan ferskate ferienings út Snits, Wymbritseradiel en oare sjongleafhawwers út de Súdwesthoeke. Yn in ekstra rippetysje hat it koar in pear lieten oan it repertoire taheakke, û.o. “De dag van dit gezang” en “Dank sei Dir, Herr”.
De begelieding op piano is yn hannen fan Jan Moens uit Luttelgeest en âld-Snitser Bouwe Marra. Jan Brens lit wer in saksofoan solo hearre.
De doelstelling fan dirigint en leden is om waarmte te fersprieden troch muzyk en it mei elkoar sjongen! De tagong is fergees, mar nei ôfrin is der in kolekte foar “EDUKANS”
Sûnt de oprjochting yn 2003 kent it orkest al inkele tradysjes lykas it krystkonsert op de snein fóárde Kryst yn de “Martini” en ien kear yn de twa jier mei Peaske in eigen kantate. Yn 2010 wurdt de “JEZUS-KANTATE” útfierd yn de mande mei in grut gelegenheidskoar. De première fan dizze kantate, dy’t skreaun is troch Jan Brens, is op de earste peaskedei om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits.
-
Oan jo de lof. Filmke
Posted on desimber 26th, 2009 No comments -
Krystkonsert 2009 yn de Martinitsjerke
Posted on desimber 26th, 2009 No comments
Koraalorkest Hymne hat op snein 21 desimber om 15.30 oere wer syn tradisjonele krystkonsert yn de Martinitsjerke fan Snits. Ek dit jier docht der wer in “gelegenheidskoar” fan mear as 100 leden út de omkriten fan Snits mei. Alde en nije krystlieten wurde ôfwiksele mei muzyk, koarsang en mienskiplik sjongen. De muzikale lieding is yn hannen fan Jan Brens. Tagong fergees – by de útgong in kollekte.Wa’t meisjonge wol yn it Krystkoar 2009 kin him/har opjaan by Jan Brens: 0515 425066 of
jan.brens@home.nljan.brens@home.nl
In pear wike foar de Kryst begjinne de repetysjes fan it koar. De sjongers komme krekt as de leden fan Hymne út de hiele provinsje. Om in goede ferdieling oer it koar te krijen dogge ek leden fan Laus Deo út Warkum mei. De repetysjes binne op 28 nev. en 12 des. fan 10-12.30 oere yn de Eastertsjerke fan Snits, Jachthavenstrjitte.
NB It Krystkoar 2009 songt op 24 des. om 19.30 oere ek yn it St. Antoniussikehûs fan Snits.
-
Oan jo de lof
Posted on desimber 26th, 2009 No commentsDe twadde CD fan Hymne is no te keap.
Yn novimber binne de opnames makke fan de lustrumCD fan Hymne. Der steane wat mear bewurkingen op fan bekende komponisten. Hjir de nûmers dy’t der op steane
Oan Jo de lof Koraalorkest Hymne û.l.f. Jan Brens
1 U zij de glorie arr. J. de Haan 2,26 2 Be still for the presence of the Lord Evans/arr. A.Blyth 2,51 3 Serenity (Meditation) Eric Ball 6,10 4 Gabriellas sang S. Nilson/arr. J.Brens 3,06 5 Zum Eingang (út: Deutsche Messe) Franz Schubert 1,14 6 Zum Sanctus (út: Deutsche Messe) Franz Schubert 1,27 7 Gelobt sei Gott arr. J. Brens 3,45 8 Selection Divine Communion A.W. Gullidge 6,51 9 A little prayer Glennie/arr. R Childs 2,24 10 St. Cuthbert J.B. Dykes 1,03 11 Groot is uw trouw, o Heer arr. H. Oldenstijl 3,10 12 Hymne of the rose arr. J. Brens 4,19 13 Oan Jo de lof arr. J. Brens 2,55 14 Hear wês mei ús arr. J. Brens 2,56 De CD waard opnommen op 27 en 29 oktober en 10 novimber 2008 yn de Fermanje fan Snits. De foto op de foarkant is nommen yn de Martinitsjerke fan Snits trochHenk Doevendans. Sjoch foar ynfomaasje oer Hymne de binnenkant. Opname: Total Sound Service, Drachten. -
Nije pauken
Posted on desimber 26th, 2009 No comments
De leden en bestjoer ha besletten om twa pauken oan te skaffen. Dat wie mooglik no’t Frits Zweed fan De Lemmer lid fan Hymne wurden is.As it moat kin hy him ek rêde mei oar slachwurk.





